Privacyferklearring Jan Roelof Geertsmafûns

It Jan Roelof Geertsmafûns sil sekuer omgean mei de privacy fan de brûkers fan har webside en de relaasjes. Wy tinke der om dat wy de persoanlike ynformaasje sa’t dy ta ús komt sekuer en fertroulik behannelje. Hjirnei beskriuwe wy it privacybelied fan it Jan Roelof Geertsmafûns.

As jo persoanlike gegevens ynfolje op ús webside dan fine jo it goed dat wy jo gegevens oerienkommend mei ús privacyferklearring brûke.

It sammeljen fan persoanlike gegevens

Jo kinne de webside fan it Jan Roelof Geertsmafûns in besite bringe sûnder dat jo ynformaasje jowe oer jo identiteit. It kin lykwols barre dat wy ynformaasje, lyk as jo namme, adres, tillefoannûmer en e-mailadres, fan jo nedich ha. Dizze gegevens brûke wy dan bygelyks om mei jo skriuwe te kinnen. Yn dat soarte gefallen sille wy jo freegje de needsaaklike gegevens yn te foljen op ús webformulier.

Gegevens dy’t te dwaan ha mei jo klik- en brûkersgedrach brûke wy oars net as foar it meitsjen fan statistiken oer it gebrûk fan ús webside.
Alle ynformaasje dy’t jo oan ús jowe sil troch ús allinne mar brûkt wurde yn oerienstimming met de wet en dit bart dan op in kreaze en sekuere wize.

It omgean mei persoanlike gegevens

Yn it ramt fan ús doelstelling leit it Jan Roelof Geertsmafûns gegevens fêst. As jo frege wurde om persoanlike gegevens, bygelyks by it dwaan fan in oanfraach, dan wurde dy  brûkt om jo oanfraach administratyf ferwurkje te kinnen. Ek wol kinne se brûkt wurde om tillefoanysk, oer de post of fia e-mail ynformaasje te jaan oer de status fan oanfragen of om oare needsaaklike ynformaasje te jaan.

It Jan Roelof Geertsmafûns jowt jo persoanlikle gegevens net troch oan oaren, útsein as jo dêr mei klam tastimming foar jûn hawwe.
Dit mei útsûndering fan spesjale omstannichheden, lyk as wetlik ferplicht.

Opslachperioade gegevens

It Jan Roelof Geertsmafûns slacht de persoanlike gegevens net langer op as nedich is foar wêr’t se foar bedoeld binne of wêr’t se foar brûkt wurde moatte.

Befeiliging

De gegevens dy´t jo ús witte litte, wurde yn in feilige omjowing opslein. It Jan Roelof Geertsmfûns sil der altyd by de ferwurking fan persoansgegevens om tinke dat it befeiligingsnivo oerien komt mei de stân fan de technyk om dêrmei foar te kommen dat der net-tastiene tagong, oanpassing of ferlies fan persoansgegevens plak fynt. Ek moat dat der foar soargje dat jo gegevens net oan oaren bekend makke wurde.
Us webside is befeilige met SSL. Us kompjûters binne befeilige mei wachtwurden.

Cookies

De webside fan it Jan Roelof Geertsmafûns makket gebrûk fan cookies om der foar te soargjen dat de webside sa goed as mooglik brûkt wurde kin.
In cookie is in lyts kompjûterbestân dat mei bledsiden fan de webside meistjoerd wurdt en troch jo ynternetprogramma op de hurde skiif fan jo kompjûter opslein wurdt.
Ynformaasje dy’t opslein is yn in cookie kin by in folgjende besite oan ús webside nei ús webserver werom stjoerd wurde.

Us belied oangeande cookies op ús webside giet lykop mei de wetlike beskerming fan jo persoansgegevens en privacy. Wy folgje alle wet- en regeljowing dy’t der op dit mêd is en dy’t noch hyltyd yn ûntwikkeling is.

De besiker kin sels witte hoe oft der mei de cookies omgien wurde moat. Hy kin syn ynternetprogramma sa ynstelle dat dy it gebrûk fan cookies tastiet, net tastiet of foar in part tastiet. Yn dit lêste gefal kin ynsteld wurde hokker websides cookies pleatse meije.
By alle oare websides wurdt dat dan ferbean. De measte hjoeddeiske ynternetprogramma’s hawwe dy mooglikheit.

Cookies kinne altyd fan in kompjûter ferwidere wurde, ek wer mei help fan it ynternetprogramma.

It rjocht om jo gegevens yn te sjen, om se te ferbetterjen of om se te ferwiderjen

Jo kinne op elk stuit jo gegevens opfreegje, ferbetterje litte of ferwiderje litte út de bestannen fan it Jan Roelof Geertsmafûns. Nim dêrta kontakt op mei help fan it kontaktformulier of stjoer in berjochtsje nei info@janroelofgeertsmafonds.frl

It yntsjinjen fan in klacht.

As jo fan betinken binne dat wy ús net hâlde oan de eisken dy’t de Algemene Verordening Gegevensbescherming (AVG) oan ús stelt, dan kinne jo in klacht yntsjinje by de Autoriteit Persoonsgegevens.

Feroarings

It Jan Roelof Geertsmafûns behâldt him it rjocht foar feroarings oan te bringen yn dit privacybelied. Dit dokumint is foar it lêst oanpast op 25 maaie 2018.

NIM KONTAKT MEI ÚS OP

KONTAKT